Bildtse Slag wurdt opknapt

It swimbad De Bildtse Slag yn Sint Anne wurdt opknapt. De gemeenteried stimde tongersdei yn mei it foarstel fan it gemeentebestjoer. Allinnich de wurkgroep Het Bildt en PvdA-riedslid Leendert_Ferwerda stimden tsjin.
Der wiene trije opsjes foar it swimbad: sloop, nijbou of renovaasje. Ut in enkête ûnder ynwenners fan It Bilt waard dúdlik dat it swimbad bliuwe moast. De kosten fan de opknapbeurt wurde rûsd op 8,5 ton. It swimbad kin dan wer tsien jier mei.