Fryske kraan by bomoanslach

© Omrop Fryslân
In opmerklik ferhaal foar de famylje Haitsma út Wytmarsum. Dy seach op in foto yn in krante harren âlde graafmasine werom. It aparte is lykwols dat de foto makke is by in bomoanslach yn Islamabad yn Pakistan. De graafmasine wie dêr de brokstikken oan it oprêden.
De kraan wie eigendom fan it leanbedriuw fan de Haitsma's, mar is in jier of wat ferlyn ferkocht. Op de foto binne noch dúdlik de reklame-stikkers fan it leanbedriuw te sjen.