Te min sicht op kultuerjild

De provinsje hâldt net goed yn 'e gaten oft kulturele subsydzjes wol goed bestege wurde. Dat fynt de Noardlike Rekkenkeamer. De ôfspraken mei de kultuerynstellings binne te frijbliuwend. Mei de finansjele ynformaasje fan ynstellings wurdt rommelich omgien.
De rekkenkeamer hat poadiumkeunsten, festivals en musea besjoen. De beliedsdoelen binne te faach en der moat ek in kommisje fan keunstkenners komme om de kwaliteit beoardieljen.