Legionella op 'e Lemmer

© Omrop Fryslân
Yn in sporthal/kultureel sintrum op 'e Lemmer is legionella oantroffen. Alle dûsen yn it kompleks binne fuortendaliks ôfsletten. Neffens de GGD is de kâns dat minsken siik wurde troch de legionellabaktearje lyts. De Lemster sporthal bliuwt gewoan iepen foar publyk. It is net de earste kear dat yn de Hege Fonnen in legionelle him foardocht.Ferline jier desimber wie dat ek al sa.