Plan foar nij Frysk kleaster

© Omrop Fryslân
Fryslân hat der in stifting by dy't dwaande is mei it oprjochtsjen fan in kleaster. Neffens de stifting is der yn ús provinsje ferlet fan in plak foar in perioade fan besinning. It giet dan om in moderne fersy fan in kleaster, dy't makliker tagonklik is as de eardere.
De stifting hat yntusken in plan makke fan wat der komme moat. Der wurdt no socht om jild en om in lokaasje. Doel is it kleaster ûnder te bringen yn in tsjerke dy't net mear brûkt wurdt.