Mark Rutte yn Fryslân

VVD-fraksjelieder Mark Rutte komt moandei foar in wurkbesite yn Fryslân. Hy is jûns te gast by de VVD-ôfdieling fan de Stellingwerven en sil in ynlieding hâlde oer aktuele politike saken. In wike nei Prinsjesdag binne der genôch ûnderwerpen dêr't oer praten wurde kin.
De VVD hat in soad krityk op de plannen fan it kabinet. En dan benammen op de belestingferhegingen, dy't neffens de VVD benammen hurdwurkjende boargers treffe.