Feiling guod hoarekaskoalle

Der is moandei in hiele bysûndere feiling fan de materialen fan de âlde hoarekaskoalle yn Ljouwert. TV-kok Reitse Spanninga sil sa'n 150 saken ûnder de hammer bringe. En dêr sit fan alles by, fan in elektroanyske wetter-kuol-ynstallaasje oant bakfoarmkes en fan in hiele grutte kuolkast oant deechrollers. Foar 'elk wat wils'.
It guod kin fan 4 oere ôf besjoen wurde en de feiling begjint dan om 5 oere.