Schuil/Nummerdor winne finale

Schuil en syn maat Nummerdor
De Ljouwerter beachfoljeballer Richard Schuil en syn maat Reinder Nummerdor hawwe yn it Russyske Sotsji de finale fan de Europeeske tour wûn. Yn in spannende finale wiene de Nederlanners te sterk foar it Dútske duo Eric Koreng en David Klemperer, mei setstannen 19-21, 21-13 en 17-15.
Schuil en Nummerdor wiene al suksesfol yn Spanje en Blackpool. Yn july pakten se de Europeeske titel. It duo spilet noch twa toernoaien yn de world tour yn Dubai en Bahrein.