Plysje hâldt eksekúsje-aksje

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneon 23 minsken oanhâlden en hast 12.000 euro ophelle by in saneamde eksekúsje-aksje. Mei kollega's út Drinte en Grinslân is by 207 wenten fan feroardielden dy't noch in straf iepenstean hiene, oankloppe.
De 22 manlju en ien frou dy 't oanhâlden binne, hiene yn totaal noch 420 dagen sel iepen stean.