Hokje yn Pepergea ôfbrând

By in brân oan de Pepergeawei yn Pepergea is sneontemiddei in berging yn flammen opgien. De brân waard al gau opskale nei in middel-brân, omdat de brânwacht fan Wolvegea op it Lindefestival stie.
Trije brânwachtauto's kamen nei it plak fan de brân, mar it hokje en wat der yn stie wie net mear te rêden.