Menzo trainer by Cambuur

Menzo: kontrakt foar 1 jier
Stanley Menzo wurdt de nije trainer-coach fan Cambuur. Menzo hat in kontrakt tekene oant de ein fan dit seizoen. Hy folget Jurrie Koolhof op dy't it foarige wykein troch Cambuur oan de kant set is.
De 44-jierrige Menzo wie ûnder oare trainer fan de amateurs fan AGOVV en AFC, hy wie keeperstrainer by It Nederlânsk alvetal en waard it ôfrûne seizoen mei Volendam kampioen fan de Jupiler League. Menzo wol mei Cambuur 'boppe-yn meidraaie'.