Triemstra mei Rutmer vd Meer

Teake Triemstra
Foar it keatsseizoen fan takom jier binne in tal ferskowingen yn de gearstalling fan de partoeren bekend makke. Taeke Triemstra fan Sint Jabik stapt út it partoer mei Johan van der Meulen en Herman Sprik. Triemstra keatst it oare jier mei Rutmer van der Meer en Renze Pieter Hiemstra.
Johan van der Meulen sil yn 2009 keatse mei Jacob Wassenaar en Marten Feenstra. Herman Sprik hat yn 2009 stelt mei Jan Dirk de Groot en Alle Jan Anema.