Bekeurings by alkoholkontrôle

© Omrop Fryslân
By in alkoholkontrôle hat de plysje freedtenacht op ferskate plakken yn de provinsje mei-elkoar hast 600 auto's oanhâlden. De grutste kontrôles wiene op It Hearrenfean en yn Tytsjerksteradiel. Yn 13 gefallen waarden bekeurings útskreaun.
Foar 3 bestjoerders betsjutte it dat se ek it rydbewiis ynleverje moasten. Dat jilde foar ynwenners fan Froubuorren, Drachten en De Harkema. Foar de man fan De Harkema wie it foar de twadde kear binnen in wike.