Fûle brân yn Aldeboarn

Der hat sneontemoarn in fûle brân west yn in lisboksestâl yn Aldeboarn. De hynders dy't yn de stâl stiene koene der op tiid úthelle wurde. De brân waard ûntdutsen troch in foarbygonger. De brânwacht rukte mei grut materieel út om de brân te blussen en hie de brân frij gau ûnder kontrôle.
De stâl gie sa goed as ferlern. Allinnich de konstruksje stiet noch oerein. Hoe grut de sea krekt is, is noch net dúdlik.