'Bou needsikehûs yn Flevolân'

Foar pasjinsten en personiel soe it goed wêze as der needhospitaals boud wurde by de IJsselmeersikehûzen yn Emmeloard en Lelystêd. Dat seit direkteur Ruud Beijers fan sikehûs De Tsjongerskâns op It Hearrenfean.
No't dy needfoarsjennings der noch net binne, hat it Feanster sikehûs foarearst operaasjeromte beskikber steld. De OK's yn Lelystêd en Emmeloard binne woansdei sletten om't de kwaliteit fan de lucht by lange nei net foldocht oan de noarmen.