Warkumer slein yn Grins

In 18-jierrige ynwenner fan Warkum is yn 'e nacht fan tongersdei op freed mishannele yn Grins. De man rûn oer de Grutte Merk yn de stêd doe't er ynienen klappen krige fan twa ûnbekenden.
De fertochten naaiden dêrnei út. De Warkumer waard foar ûndersyk nei it sikehûs brocht. De plysje ûndersiket de saak en makket dêrby gebrûk fan kamera-bylden.