Diks nije wethâlder Ljouwert

Isabelle Diks
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Ljouwert is wer folslein. Twadde Keamerlid Isabelle Diks fan GrienLinks folget Bleize op mei yngong fan 1 jannewaris. Diks is tydlik keamerlid oant it krystreses. Dy perioade makket se ôf.
Yvonne Bleize makke ferline wike bekend dat se oerstapt nei it Cartesius-ynstitút. Ek fraksjefoarsitter Piet van der Wal waard neamd as mooglike opfolger, mar dy wol leaver riedslid bliuwe.