Jildpine by Het Friese Land

Yn 2009 is it jild op...
Thússoarchorganisaasje Het Friese Land kin yn de rin fan takom jier gjin soarch mear leverje omdat it jild dan op is. Dat sei ynterim-direkteur Klaas Kuilman fan Het Friese Land tongersdeitejûn yn it Omrop Fryslân tillevyzjeprogramma Brekking. De tekoarten by de organisaasje binne no al oprûn oant 2 oant 3 miljoen euro.
Yn it ferline kaam der noch ekstra jild at der tefolle soarch levere waard, mar dat is net mear sa.