Trije fierljeppers nei Korea

Nije wike reizgje trije Fryske fierljeppers nei Busan yn Korea foar de fjirde wrâldspelen foar tradisjonele sporten. It giet om Nederlânsk Kampioen Bart Helmholt, Frysk junioarekampioen Jacob_Scherjon en Anna-Jet Leijenaar, de nasjonaal kampioene by de froulju. It Fryske fierljepteam waard tongersdei presintearre op in offisjele parsekonferinsje yn Aldskoat.
It doel is de promoasje fan de fierljepsport.