Klompke by brêge ferdwynt

It klompke by de brêge driget te ferdwinen. De provinsje tinkt nei oer in ferfanger foar it ynbarren fan brêgejild. Mooglik wurdt dat in wettersportpas. Dêrmei kin de boatsjefarder nei betelling by alle brêgen trochfarre en ek meidwaan oan spesjale aksjes. De mienings oer it plan binne ûngelyk: de Hiswa is foar, guon brêgewippers binne tsjin.
Wannear´t de wettersportpas der krekt komt, is noch net dúdlik. De kommende tiid wurde de kosten ûndersocht.