Sollied is der noch net út

Trond Sollied (foto Martin de Jong)
Trainer Trond_Sollied is der noch net út hokker Hearrenfeanspilers it tongersdeitejûn opnimme sille tsjin it Portugeeske Vitória_Setúbal yn ´e earste ronde fan ´e UEFA-beker. Hy wol oant it lêste momint wachtsje mei it bekendmeitsjen fan syn opstelling omdat er net wis is oft guon spilers der al hielendal klear foar binne.
Vitória_Setúbal is foar Sollied in grutte ûnbekende. Oant no ta seach de Noarske trainer noch mar ien wedstriid fan de Portugeeske tsjinstanner.