Aksje foar Friesland Vlees

Juridyske striid om slachterij is los
Ald-meiwurkers fan Friesland_Vlees hoopje dochs noch harren baan hâlde te kinnen troch de ferkeap fan it kompleks oan de Snitsertrekwei tsjin te hâlden. In bus fol eks-meiwurkers is tongersdei nei Amsterdam riden. Der tsjinnet foar de ûndernimmerskeamer in saak tsjin âld-eigner Wildeboer.
De saak is oanspand troch fakbûn FNV, dy´t it net iens is mei de ferkeap fan it kompleks oan de Snitsertrekwei oan in grutte makelder.