Dûnsje op de Fulkaan ek op NFF

Byld út Dûnsje op in fulkaan
De dokumintêre Dûnsje op de Fulkaan fan filmmakker Simon_Haringa is de kommende wike te sjen op it Nederlands Filmfestival yn Utrecht. De film giet oer wat 25 jier aids teweech brocht hat yn ´e Amsterdamske homowrâld.
Simon Haringa fan Aldeboarn gie begjin jierren ´80 nei Amsterdam. Lykas safolle plattelânshomo’s tocht er dêr yn in paradys te kommen. Troch de sykte aids pakte dat oars út. Haringa makke de dokumintêre yn opdracht fan Omrop Fryslân.