Mar by Langwar better berikber

It sil yn de takomst in stik drokker wurde op de Langwarder Wielen. De gemeente Skarsterlân stelt trije ton beskikber om de sânplaat yn ´e mar fuort te heljen. Troch dy sânplaat wie it foar de measte boaten ûnmooglik om op ´e mar te farren. Neist it fuortheljen fan de sânplaat sil der noch mear ferbettere wurde foar de wettersporters.
Sa komt der ûnder oare in nij toiletgebou yn ´e haven fan ´e Jouwer en in nije trailerhelling yn Langwar.