Koarting foar jonge MBO-ers

MBO-ers earder yn aksje foar in OV-kaart
MBO-learlingen fan 16 en 17 kinne tenei koarting krije op reiskosten yn it iepenbier ferfier. Dat hawwe de Steaten besletten. It giet om in koarting fan 12 prosint op it abonnemint foar alle foarmen fan iepenbier ferfier yn Fryslân.
Mei de regeling wol de provinsje skoalútfal tsjingean. In soad learlingen moatte in ein reizgje om by skoalle te kommen en de kosten binne faak in drompel om troch te learen.