Gemeente stipet amazoanes

© Omrop Fryslân
Ferwerderadiel jout de hynsterydsters dy´t foarige wike de Alvestêdetocht rieden, in bedrach fan hûndertfyftich euro. Dat diel fan ´e opbringst fan 850 euro waard stellen. Tineke_Ekkers en Sandra_Visser ha yn seis dagen tiid de alve stêden bydel west. It jild is foar de diere-ambulânse yn Ljouwert.
De beide froulju krije it bedrach takom wike tiisdei út hannen fan wethâlder Roel_Ruben fan Ferwerderadiel.