´Fryslân moat kânsen gripe´

Fryslân is gjin achterstânsprovinsje. Dat sei boargemaster Crone fan Ljouwert woansdei by in gearkomste mei fertsjintwurdigers fan bedriuwen .Se praten oer de Miljoenenota.
Neffens de dielnimmers moat Fryslân no de kâns foar ûntwikkeling pakke. Der is jild beskikber foar projekten en hieltyd mear minsken mei in hege oplieding bliuwe hjir. Undernimmers, ûnderwiis en polityk moatte wol mear gearwurkje om de kânsen ek echt te gripen.