Terpstra mist ´Obama´ by CDA

Doekle Terpstra mist it ´Obama-gefoel´
In miljoenenota mei te min lef en in te leech Obamagehalte. Sa karakterisearret CDA-kopstik Doekle_Terpstra de ryksbegrutting dy´t tiisdei presintearre waard. It mist de polityk, it regear en it CDA oan moed om keuzes te meitsjen foar de langere termyn. Terpstra mist de fyzje, dy´t er sa bewûnderet by de Amerikaanske presidintskandidaat Barack_Obama.
Terpstra fynt dat it CDA de diskusje oangean moat oer tema´s as fergrizing, de hypoteekrinte-ôftrek en yntegraasje.