Renie Spoelstra yn 1/2 finale

© Omrop Fryslân
Renie_Spoelstra (34) fan Drachten is ien fan de 25 heale finalisten foar de ferkiezing Keunstner fan it Jier. Dy lanlike ferkiezing wurdt foar de sechsde kear holden. Sawat 20.000 minsken brochten har stim út op 25 keunstners.
Spoelstra makket grutte houtskoal- en kryttekeningen op papier. Se set Nederlânske rekreaasjegebieten op film en foto en makket dêr tekeningen by. In panel fan hûndert keunstkenners kiest út de 25 heale finalisten acht.