Fytstunnel pleatst ûnder spoar

© Omrop Fryslân
Yn Frjentsjer is it ôfrûne wykein ûnder it spoar by bedriuweterrein Kie in fytstunnel pleatst. Dy is bedoeld foar in rûte dy´t diel útmakket fan ´e oanlis fan ´e súdlike rûnwei.
De tunnel is tichtby it spoar boud en weaget sa´n trijehûndert ton. Om de tunnel ûnder it spoar te lizzen moasten de rails trochseage wurde. Fytsers kinne fan healwei takom jier ôf gebrûk meitsje fan ´e tunnel.