Fragen PvdA oer toerwachters

Lutz Jacobi hat soargen oer feiligens
It is noch mar de fraach oft de Waadsee der feiliger op wurdt as it wurk fan fjoertoerwachters op termyn oernaam wurdt troch in nije seeferkearssintrale op Skylge.
Rykswettersteat is dwaande mei de oanbesteging fan de nije sintrale, mar keamerlid Lutz_Jacobi (PvdA) hat grutte twifels oft de feilichheid der wol op foarútgiet. Earder is deselde oanbesteging misgien, omdat de beskikbere technyk net goed genôch is. Jacobi wol no dúdlikens fan Eurlings.