Jild Alvestêdetocht stellen

De froulju op harren hynders
It jild dat amazoanes Sandra_Visser en Tineke_Ekkers ferline wike op de Alvestêdetocht ynsammelen foar de diere-ambulânse Ljouwert is stellen.
De froulju hawwe yn seis dagen de tocht op harren hynders riden. Underweis koene minsken jild jaan. Op ´e lêste dei, ûnder de yntocht yn Burdaard op sneon, hat dêr ien 150 euro fan meinaam . It jild lei yn de materiaalauto. De twa froulju sille oanjefte dwaan.