Frysktalige cd Leonard Cohen

Piter Wilkens sil ek lieten ynsjonge
Der komt ynkoarten in cd mei Frysktalige nûmers fan Leonard Cohen. Tolve fan syn nûmers binne troch Bart_Kingma oerset yn it Frysk. Dy wurde meikoarten ynsongen troch artysten as Piter_Wilkens, Roel_Slofstra en Nynke Laverman. Dat wurdt dien ûnder lieding fan Peter_van_der_Zwaag.
Fan ´e cd-opnames wurde ek bylden makke. Dy bylden ferskine op dvd en wurde ein dit jier ek útstjoerd op Omrop Fryslân Televyzje.