Arbiter krijt hertoanfal

© Omrop Fryslân
In wedstriid fan in jeugdteam fan fuotbalklub De Lauwers yn Warfstermûne is sneontemoarn einige yn in drama. Under it each fan spilers en publyk krige de skiedsrjochter in hertoanfal.
Omstanners hawwe de klubfrijwilliger fuortendaliks reanimeard. Twa ambulânses en in traumahelikopter kamen ek nei it fjild ta foar earste help. De man is yn kritike tastân nei it sikehûs yn Grins oerbrocht. It publyk en de spilerkes binne opheind troch slachtofferhelp.