Alberda wint fan Hark. Boys

© Omrop Fryslân
Tony Alberda hat sneontejûn de winnende goal makke tsjin syn âlde ploech Harkemase Boys. Alberda syn ploech, HHC Hardenberg, wûn mei 2-1.
Yn de earste helte kaam Harkemase Boys op eigen fjild wol op 1-0 troch Roel van der Meulen. HHC waard de twadde helte better en kaam op 1-1 troch Kroeze. In kertier foar tiid makke Alberda de winnende 2-1, wêrtroch de ploech fan âld-Harkemase Boys spiler en HHC-trainer Jan van Raalte de trije punten pakte.