100 jier Oud-Indische Buurt

De Indische Buurt yn Ljouwert bestiet 100 jier. Om dat te fieren ha trije minsken út de buert it boekje "100 jaar Oud-Indische Buurt" skreaun. It boek waard freedtemiddei oan direkteur Fred de Groot fan wenningkorporaasje Nieuw Wonen Friesland oerlange. Nieuw Wonen ferhiert dêr de measte wenten.
Neffens ien fan de skriuwers Robert Tromp hie de arsjitekt Willem Cornelis de Groot in bysûndere stiel.