Frachtweinen kontroleard
Op de sneldyk by Surch binne freed 48 frachtweinen kontroleard. Trettjin sjauffeurs krigen in prosesferbaal. Dit barde ûnder oare foar it ûntbrekken fan in euro-vignet en it ferfieren fan in te swiere lading.
Ien ferfierder waard op de bon slingere omdat er hielendal gjin sjauffeursdiploma hie.