"Ryktsjinst nei Drachten"

Drachten is it sintrum fan it Noarden en dus is Drachten it plak foar it regiokantoar fan in nije Rykstsjinst. Dat seit boargemaster Bert Middel fan Smellingerlân. Twadde-Keamerlid Joop Atsma hat in moasje yntsjinne om der foar te soargjen dat it kantoar yn Drachten komme moat.
It giet om in regiokantoar fan de Voedsel en Waren Autoriteit, de Algemiene Ynspeksjetsjinst en de Planten Ziektekundige dienst. It smyt sa'n 300 ekstra banen op.