Nij konsept Eden Oranje hotel

Gasten krije no ek tips foar trips
Hotelgasten fan it Eden Oranje Hotel yn Ljouwert krije tenei persoanlike tips fan meiwurkers foar harren tripkes yn de stêd. De Eden Hotel keten presintearre woansdei yn de 17 hotels yn it lân it nije konsept Love City Life. De hotels wolle har dêrmei ûnderskiede fan de gruttere hotelketens. Yn Ljouwert hawwe ûnder oare Golden Tulip en Van der Valk plannen foar nije hotels.
De Eden hotels presintearje har no as echte stedshotels.