Doarpsbelang Boyl bestellen

© Omrop Fryslân
Doarpsbelang Boyl hat oanjefte dien tsjin de ponghâlder fan ´e feriening. De man wurdt derfan beskuldige 5000 euro fertsjustere te hawwen.
De fraude waard heal juny ûntdutsen. It bestjoer hat de ponghâlder doe ta ein augustus de tiid jûn it jild werom te stoarten. Omdat de man dat wegere, hat doarpsbelang oanjefte dien by de plysje.