Guus Meeuwis mei Fryske gasten

Fryske gastsjongers sille meidwaan oan it konsert dat sjonger Guus Meeuwis takom jier hâlde sil yn it Abe Lenstrastadion op It_Hearrenfean. Hokker artysten dat binne, wol it management fan de Brabânske folkssjonger pas op it lêste momint sizze.
Guus_Meeuwis hâlde woansdei in parsekonferinsje op It Hearrenfean. Hy kaam mei in helikopter út Eindhoven nei it Abe Lenstrastadion ta. It konsert fan Meeuwis op It Hearrenfean is op 6 juny.