Gearwurking PvhN-Die Friesen

Partijlieder Teun-Jan Zanen fan 'e PvhN
De Grinslanner Partij voor het Noorden (PvhN) wol oparbeidzje mei de Dútse politike partij Die Friesen. De PvhN en Die Friesen hawwe it ôfrûne wykein harren programma's mei-inoar fergelike. Se wolle ek útsykje oft se in listferbining oangean kinne by de Europeeske ferkiezings fan 2009.
Op dit stuit is it noch net mooglik om oer steatsgrinzen hinne in listferbining oan te gean. De PvhN hat ek wolris kontakt socht mei de FNP, mar dat hat net ta gearwurking laat.