Minne jirpel rispinge

De droechte yn de ôfrûne moannen soarget derfoar dat der sa'n 20% minder jirpels rispe wurde yn fergelyk mei ferline jier. Dat seit Upt Hiddema fan lânbou-organisaasje LTO Noord. Op it stuit is sawat in tredde fan de rispinge út de grûn helle. De kwaliteit fan dizze jirpels is net al te bêst. Sa binne der in soad jirpels mei skurft.
Ek yn Grinslân, Noard-Hollân en de Noardeastpolder wurdt minder rispe.