Fleugel Bonifatius giet plat

© Omrop Fryslân
De karakteristike súdfleugel fan it eardere Bonifatiussikehûs yn Ljouwert wurdt dochs ôfbrutsen. It gebou is net sterk genôch om by de nijbou fan wenten op'e nij te brûken.
Slokker Vastgoed hie earst grutte plannen mei it oarspronklike part fan it eardere sikehûs. Slokker wol no de súdfleugel sa goed as mooglik nij bouwe. Dêrby sille oarspronklike eleminten fan it sikehûs brûkt wurde.