Nije direkteur Sport Fryslân

© Omrop Fryslân
Saakje_Mulder wurdt mei yngong fan jannewaris 2009 de nije direkteur fan Sport_Fryslân. Mulder is 47 jier en sûnt 1986 wurksum by de Stichting Consument en Veiligheid. Op it stuit is se dêr plakferfangend direkteur. Saakje Mulder wurdt de opfolger fan Jan_de_Kroon, dy't mei pensjoen giet.
Sport Fryslân is de provinsjale stipefunksje en it kennissintrum fan sport en bewege yn Fryslân. Se stypje dêrby gemeenten, sportbûnen en sportferienings.