Olijnsma wint yn Penjum

It winnende partoer yn Penjum(foto KNKB)
It haadklasse keatsen yn Penjum is wûn troch Martijn Olijnsma, Auke van der Graaf en Douwe Groenendijk. Se wûnen yn de finale mei 5-4 en 6-6 fan Simon Minnesma, Hylke Bruinsma en Marten Feenstra. Olijnsma waard útroppen ta kening.
It partoer fan Klaas Berkepas, Jan-Willem van Beem en Daniël Iseger pakte de tredde priis. Auke van der Graaf hat no 401 punten yn it ivich klassemint en stiet dêrmei op it 33ste plak.