Ferlies foar Snits Wyt Swart

Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart hat de earste wedstriid ûnder de nije namme ferlern. HSC '21 wie yn Snits mei 2-0 te sterk. Benammen de twadde goal wie opfallend: keeper Marc Veurink skoarde de 2-0. It wie krekt sa'n goal as dy fan Oscar Zijlstra fan Cambuur; in úttraap mei in stuit oer Snits-keeper Ernst Pieter Bantema. De earste goal waard makke nei 18 minuten troch Daan Akkerman.
Snits Wyt Swart kaam der yn de twadde helte net mear oan te pas.