Twa strjitrôven yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Yn de nacht fan sneon op snein ha yn Ljouwert twa strjitrôven plakfûn. Op de Albert Schweitzerstrjitte rûn in 18-jierrige man út Ljouwert nei syn hûs, doe't in ûnbekende man op him ôfrûn. Under bedriging fan in mes moast de Ljouwerter syn bûsen leechmeitsje.
It slachtoffer joech syn beurs en mobile telefoan oer. De ûnbekende man naaide dêrnei út. Op de Coopmanstrjitte waard in 25-jierrige frou út Ljouwert fan har tas mei beurs berôve.