Fabriek fyfde op WK langbaan

Dirk Fabriek (foto: Martin de Jong)
Dirk Fabriek is fyfde wurden yn Morizes by de tredde wedstriid fan it WK langbaan. De winst yn de A-finale wie foar de Dútser Gerd Riss, de Ingelskman Glen Phillips waard twadde, Andrew Appleton tredde. Theo Pijper waard sechsde. Jannick de Jong einige as tsiende.
Gerd Riss is ek de lieder yn de tuskenstân mei 63 punten. Fabriek is twadde mei 51 punten. Takom wike sneon is yn Vechta de fjirde en lêste WK wedstriid.