PvdA wol bouferkear oanpakke

© Omrop Fryslân
De oerlêst fan bouferkear yn de Ljouwerter wyk Nijlân moat oanpakt wurde. Dat fynt de fraksje fan de PvdA. De partij hat oer de situaasje fragen steld oan it kolleezje.
Bewenners fan benammen de Marowijnestrjitte sizze dat der sûnt de komst fan de Friesland College Campus folle mear ferkear troch de strjitte rydt. It giet dan ek om bouferkear, omdat de campus útwreide wurdt. Dêrtroch is de strjitte fersakke, sizze de bewenners.